Skip to main content

DTL A2 – Olympia (T) A1

Om mar mei de doar in hûs te fallen:

DTL A2 wûn dizze wedstryd met 14 – 11!!

Eins hie DTL wol 20 punten, ast Femke Postma (grutte sus fan Sygrid) har punten mei telt hienen. Femke seach fanôf de tribune ferskillende 2 en sels 3 punters foarby kommen. Mar der woe skiedsrjochter Pieter spitigernôch net ien mei gean…

De punten binne makke troch: Anne Fleur, Sygrid, Thirza, Sjoerd, Feitze, Roas en Jacob Riemer. Mar fansels koe dit net sûnder de oare spilers!!

It wie ús lêste wedstryd dit seal seizoen. En dat is best moai, soene jo sizze, want no gean we wer op ny it moaie waar en spielje we fierder op it fjild.

Mar wie it net dat we dan sûnder ús Anne Fleur de wedstryden winne mat.
Anne Fleur, we fiene it hiel jammer dast stopst by DTL, mar winksje dy alle goeds ta en komme dy grif hjir en der noch tsjin ien Hantum en omkriten. En we bin wis dast ús noch oanmoedigjen komst.

A2, jimme doche it fantastysk! (een bytsje is hjir ek wol fan oan de trainers te tankjen…)
Moai sa fierder gean op it fjild en bliuw foaral it geselliche, sportive team dat jim bin. Een hiel soart succes tawinkse!